de wyn giet kâld
de wyn giet kâld
troch it iepen rút
by de kollega del
dy’t tinkt oan wat syn pake
dwaan soe
de wyn sliept
fitraazje hinget stil
de tinzen fan de oaren
sille aansens by de pake wêze
fan de kollega
by de pake
en wat dy yn ’e oarloch
die
de wyn sliept
syn iepen mûle
sliept
fentilatordûns
waait him
op ’e droege
tonge
***
de wind gaat koud
door het open raam
langs de collega
die denkt aan wat zijn opa
zou doen
de wind slaapt
vitrage hangt stil
de gedachten van de anderen
zullen straks zijn bij de opa
van de collega
bij de opa
en wat die in de oorlog
deed
de wind slaapt
zijn open mond
slaapt
ventilatordons
waait
op zijn droge
tong
--------------------
uit: Angel, 2008
Zie ook: http://www.tseadbruinja.nl
Schrijver: Tsead Bruinja
Inzender: FFvK, 2 juli 2011
Geplaatst in de categorie: oorlog