grutto op het hek
SKRIES OP DE HIKKE
Maitiidsgedicht
Warber en optein
Roppend en fleanend
Deftig yn it kleed
Fernaam omsjend
De skries op’ e hikke.
By dy fyn ik de natoer werom
Yn it lanskip fan myn jeugd
Mear minsk en mear mansk no
Ree foar in neie maitiid.
Do fleanst samar fuort
Ik blieuw der’t ik bin
Mear allinnich
Mar do blieuwst der altyd
Foar my.
Wy binne beiden foarsichtig
De himel is ús thús
Do de kening fan de greidefûgels
Ik lyts en tear mar kening yn myn geast.
------------------------------------------------------------
Foppe Oostenbrug
Dit is een Friestalig gedicht
Geplaatst in de categorie: eenzaamheid