Zij weten het
Sij witte it.
hy kin springe as in liuw,
slûpe as in gleone boarre,
him wrakselje út in aai,
beammen befrisselje en faaks
sels lôgje as in nije leafde
do soest him delhuffe kinne
mei ien poat,
of him fûl tebek sifelje,
ferdiggelje litte mei ien eachopslach,
of oprôlje as in slange.
Ja, en ek wol sêft útdôvje litte,
mar fêsthâlde?
Fûgels fernije
hoe't bliidskip oanfljocht,
efkes op in tûke sit,
dy in lied ta sjongt
en dêrnei ferflechticht.
Zij weten het.
ze kan springen als een leeuw,
sluipen als een felle kater,
zich uit een ei worstelen,
bomen omvlechten, misschien
zelfs laaien als een nieuwe liefde
je zou haar kunnen neerhouwen
met één poot,
of haar fel terug sissen,
laten diggelen met één oogopslag,
of oprollen als een slang.
Ja, en ook wel zacht uit laten doven,
maar vasthouden?
Vogels vertellen
hoe blijdschap aanvliegt,
even op een tak rust,
je een lied toezingt
en vervolgens vervluchtigt.
Geplaatst in de categorie: natuur