Simmer
De sinne tusken beammen skeinde
yn pastelgleon fan mist bereaun
loom dwalend ûnder brune blêden
fan it wâld dat tichter by ús reinde
It wulvjend gers trochlutsen mei
fergeande paadsjes ferjitten natuer
brânde wyld ferhoalen stil yn it fjoer
fan in hâldende suvere simmerdei
Met dank aan Miranda Mei voor de Ï
Geplaatst in de categorie: jaargetijden